Sponsordraaf
Op sneon 21 april '07 hat der op it keatsfjild in sponsordraaf west, dêr't in tal echte sporters en benammen jongerein har de longen ut it lief rûn ha. It wie in moaie neimiddei: it waar wurke tige mei. De dravers ha troch de geunstige omstannichheden gâns mear rûntsjes draven kinnen as foarôf foarspeld wie. Der bleau, nei ôftrek fan wat lytse ûnkosten in moaie 1250 euro fan oer. Hulde oan alle sportivelingen foar har prestaasje.
Klik hjir foar de foto's!
